Wie zijn wij2018-10-17T09:02:59+00:00

WIE ZIJN WIJ

De berte fan leanwurk Yn.Ge.Wikkel.

lt wie yn 1994 dat Yn.Ge.Wikkel per tafal ûnstien is.
Yn dy tiid wurken wy, Johannes en Gerdy, al tegearre mei Mellius en Ytsje Kramer.
We kuilden altyd tegearre en einliks wie dat kuilbult ófdekken in doelleas iets. As it ynkuilwurk klear wie moast dat ferhipte plastyk der noch oer. En it waaide grif hurd op sa’n dei. Dan fleach it plastyk yn it rûn, kaam de wyn derûnder en koene je wer opnij begjinne.

De mannen, Johannes en Mellius, wiene dat mear as sêd, en betochten dat dit toch ek wol oars koe. Yn Offringawier wie in boer dy in rûne balenpers én in wikkelaar hie. Dan koedest kuilbalen meitsje. Dat like Johannes en Mellius ek wol wat. Kuile en daliks ynwikkelje- mini kuilbulten- en gjin gedoch mear mei wapperjend plastyk. Dus sa kaam de earste “Welger” balenpers fan Fryslan by ûs op it hiem. Der kaam ek in losse wikkelaar by, dy de balen daliks yn it plastyk draaie koe.

Dy simmer “baalden” we wat óf en oare boeren hiene dat ek sjoent. Nijskjirrich as se wiene mochten we op de hjerst by harren ek wol balen meitsje. Ek handig want dan hoechden sy de bult ék net mear iepen (en ticht) te gooien. Dus sa kamen we by tafal yn it leanwurk terjochte. De balenpers wie wat nijs en sa helden we ek wol de kranten, en op de earste folders stean ik, Gerdy, by de nije balenperscombi.

Namme Yn.Ge.Wikkel

Der moast dan mar in namme betocht wurde …… we wikkelden wat yn, en it wie ek wol yngewikkeld, en sa kamen we op Yn.Ge.Wikkel. Sûnder d, om it mar wer yngewikkeld te meitsjen. lt leanwurk lei ûs wol, en nei in stikmannich jierren gearwurking mei Mellius ha wy Yn.Ge.Wikkel hielendal oernommen.

Gerdy siet meastentiids op de balenpers. Us bern wiene doe 7 en 2 jier. Se giene faaks mei en leinen dan lekker achter de trekkerstoel te sliepen. De bern wisten net better. Johannes naam it balenwikkeljen op sich. Sa wiene we mei it hiele gesin op paad. En noait hiene de bern harren nocht. Nei in hiele dei balenpersen seine se noch altyd fol fjoer by it ‘Perskeamer fol’piepke; “Dêr is wer ien”.

Groei

Stadichoan is it leanwurk wat utbreidde. Meanen en jarjen docht Johannes ek in protte. En fansels ek it opromjen fan de balen en evt. handel yn balen, want Johannes wit wol wêr te folle en te min is. As it moat, komme we ek te swieljen. As it heechsimmer is: heapakjes perse!

Yn 2019 bestiet Yn.Ge.Wikkel 25 jier. Wy hawwe us nocht noch net, dus gean we fol fertrouwen de takomst yn!

Groetnis Johannes en Gerdy, en bern, It Heidenskip.

KITTYPLEATS

TJASKER

RONDE BALEN